Dwerskop

voorstelling in het nieuwe Hendrik Bulthuis Aquaduct

Partners Dwerskop

  • De Central As
  • Nije Daam

De Dwerskop

teater ûnder it PM-kanaal

september 2016: De DWERSKOP, in grut muzikaal en fisueel teaterbarren midden op de Sintrale As, foar it akwadukt fan Burgum. Mei meiwurking fan sa’n 150 minsken út de omkriten fan de nije wei. Foar it barren waardt spesjaal in grut projektkoar en in gelegenheidsorkest oprjochte. In spesjale edysje fan it Iiepenloftspul Burgum yn gearwurking mei BUOG. In barren om net gau te ferjitten!

It nije akwadukt, it Hendrik Bulthuis akwadukt, nei de bekende kapper en boatebouer út Burgum. It ferhaal wurdt ferteld fanút de kapperssaak.

It ferhaal
Twa memmen sjogge fanút de kappperstoel nei harren bern dy it lok net fine kinne. Folmer is de iene, in frijgeselle boer dy’t in protte kânsen yn it libben mist hat. Maaike is de oare, wol troud, mar net gelokkich. Tritich jier lyn hienen se ferkearing, mar troch in famyljeskeel moast hjir in ein oan komme. Se wenje beide oan in kant fan it kanaal, troch it akwadukt kinne se no wer by elkoar komme. Foardat se inoar fine moat der lykwols hiel wat wetter troch it PM-kanaal streame.

Spyldata: 1, 2, 3, 8, 9, 10, septimber 2016

De Dwerskop is makke troch: Iepenloftspul Burgum, Regy & Foarmjowing: Pieter Stellingwerf & Kees Botman (BUOG), Muzikaal lieder: Kees van der Meer, Koar & Orkestdirigente: Atsje Lettinga, Kostuumûntwerp: Dianne Bonnema, Dramaturch: Hans Brans, Produksjelieding: Ruth ter Voort (BUOG), Regyassistente & duns: Trieneke Verbeek, Dekorbou: Jaap Groen.

mei mooglik makke troch:

De Centrale as, Nije Daam, VSB, Gemeente Tytsjerksteradiel

Opdrachtgever: Iepenloftspul Burgum

Lokatie: Hendrik Bulthuis Aquaduct

Aantal medewerkers: 200

Publieksbereik: 5000